
Ik bin Sake van der Meer ûndernimmer yn Koatstertille wêr ik mei myn frou Tsjikke in winkel yn fisksport en dierfoeders ha, en no mei pensjoen. Myn bestjoerlike ûnderfinning: no noch Riedslid-Foarsitter Sportfiskerij Fryslân-foarsitter HSV de Rietvoorn Koatstertille-Ried fan tasjoch millieufederaasje-Adviseur/bestoerslid MFA koatstertille-Foarsitter (Achtkarspelen) wurkgroep gearwurking Rieden 8K en T-Diel. Myn foarriche funksjes: bestjoerslid Sportfiskerij Nederlân (9 jier) Foarsitter ûndernimmers feriening (15 jier) skoallebestjoer-Ferskate besjoersfunksjes yn de politiek- Foarsitter stichting Doarpshûs (30 jier).
It wetterskip is fan grut belang foar ús mienskip. Der is hiel wat te dwaan. Der lizze grutte útdagingen, sjoch nei de Kaderrjochtline wetter. Wy ha it dan oer wichtige saken as bemealling , behear, veenweide gebieden, fiskepassaazjes ens. Mar ek it oanpakken fan streuperij op lân en wetter, de kwaliteit fan it wetter… Neam mar op. Ik pleitsje al jierren foar sûn wetter. Dat liket sa simpel, mar dat is fuort net klear.
Wetter en alles wat der mei gearhinget is fan grutte wearde foar de leefberens fan fryslân. Ik wol my dêr fan herte foar ynsette!